En wat no sa leuk is oan de slachte : elts is der in winner.
It makket hielendal neat üt hoelang je der oer dogge of hoe hurd je fleane.
Je moatte mei syn allen nei Reard.
Wienen jo net mei de slachte dweande juster , dan wienen der fast ek noch in hiele soad oare leuke hobby’s, of bezigens. Wer je fan genietsje koenen.
Hjoed eefkes bykomme fan de slachte. Fuotten omheech of wat ûtfytse.
Of yn’t spier, by it keatsen, yn’e tûn sitte en genietsje ofsa.
En no stadich oan meitsje wy ús op foar de jubileumwike.
De ôfrûne dagen hearde ik wolris, ja mar ik kom der oars ek nea.
Wat wy no graach wolle is dat jo wol komme.
Dit is in feest foar elts, lid, áld lid, gjin lid, jong, áld, man, frou, pake, beppe, supporter.
In feest foar eltsenien dus!
Fan e jûn begjinne we mei knutseljen. We geane de kantine wat fersieren.
18.30 oere oant 19.30 oere. Alle bern meie meidwean.
Wy ha besocht foar elts wat moais op it programma te setten.
Dus kom en nim jim freonen mei. Doch mei oan sport, spultsjes, en genietsje fan alles.
Wy ha der sin oan!
Oant fan e jûn, wy rekkenje op jimme!
De jubileumcommissie